Lyts mar krigel, of toch kwetsber?

← Alle nieuws

We binne as gemeente lyts, mar krigel. Alteast, dat is wat it kolleezje ús graach leauwe litte wol. Mar wa’t wat fierder sjocht as de moaie wurden, krijt dochs in hiel oar byld.

Ein 2025 kaam ús eigen Rekkenkeamercommissie mei it rapport Lyts mar Krigel. De slotbeschouwing wie nochal posityf. Mar tusken de rigels troch stie ek in warskôging: foaral by de swierdere portefúljes kin it ûntbrekken fan spesifike kennis en deskundigens ús noch wolris opbrekke.

En wat sjogge wy no? Dêr’t earst praat waard oer inkeld tydlik ekstra jild, oant heechút ein 2025, steane der foar 2027 en 2028 wer bedragen yn de begrutting fan respektivelik rom €700.000 en €308.000.

Tydlik? It begjint der aardich op te lykjen dat tydlik by ús gemeente in hiel rekber begryp is.

Ik neamde it dêrom yn de riedsgearkomste net allinnich Lyts mar Krigel, mar ek Lyts mar Kwetsber. De wethâlder hie syn antwurd al klear: “Ja, mar wy binne ek lyts en wendber.”

No, dat klinkt moai, mar mei wurden allinnich kinst gjin organisaasje op ’e fuotten hâlde. En al hielendal gjin begrutting op oarder krije.

It wurdt sa stadichoan in bekende trúk: as de sifers net sa moai binne, jouwe wy der gewoan in oare namme oan. In tekoart wurdt in útdaging, in tydlike oplossing wurdt in nije kostenpost en kwetsber wurdt wendber.

Mar de ynwenners fan Dantumadiel kinne net betelje mei moaie wurden. Dy moatte it dwaan mei echte euro’s.

Fanút it CDA fine wy dat it kolleezje ophâlde moat mei it hieltyd opnij ynpakken fan deselde boadskip. Wy binne wol klear mei it ferhaal dat alles ûnder kontrôle is, wylst de rekkens in oar ferhaal fertelle.

Lyts wêze is gjin probleem. Mar lyts wêze, kwetsber wêze en dochs dwaan as is alles yn control? Dát is in hiel oar ferhaal.

Want wendber wêze is moai, mar it moat net betsjutte dat je alle kanten op waaie as it dreech wurdt.

Sietze Wijbenga | CDA Dantumadiel