Each foar dyn takomst.

Net de grutste, mar wol koersfêst

In pear feiten op in rychje. De gemeenteriedsferkiezings fan 2026 lizze efter ús. Mear as 9.000 ynwenners brochten harren stim út, in opkomstpersintaazje fan hast 60%. Gemeentebelangen Dantumadiel waard de grutste partij, folge troch Sociaal Links. CDA Dantumadiel helle 1.813 stimmen (20%!) en waard dêrmei de tredde partij fan ús gemeente.

Wy ferlearen 133 stimmen yn ferliking mei fjouwer jier lyn. Dat is net it resultaat dêr’t wy op hope hiene. Tagelyk binne der meardere manieren om nei dizze útslach te sjen. Foar ús fielt dit as in foarm fan morele winst: mei in ferhaal fan mienskip, meidwaan, previntyf ynvestearjen en fertrouwen yn ’e takomst hawwe wy 1.813 kiezers oan ús bine kinnen. Dat is weardefol.

Ek falt op dat partijen dy’t ynsette op in positive benadering groeie of harren ridlik goed hanthavenje. Dat sjogge wy as in hoopfol sinjaal foar de rjochting dy’t ús gemeente de kommende jierren op kin.

Nei de koälysjebreuk hat it CDA ferantwurdlikens nommen. It ôfrûne jier brocht wer rêst en stabiliteit yn Dantumadiel. Dêr binne wy grutsk op. Nei in perioade yn de opposysje wie it foar ús fraksje wenne om opnij diel te nimmen oan de koälysje, mar wy hawwe dy ferantwurdlikens mei oertsjûging nommen.

Dêrby fertsjinnet ús wethâlder Wiebe Strikwerda eksplisyt in komplimint. Yn in perioade fan organisaasje-opbou, in boargemasterswiksel en politike ûnrêst stapte hy yn en levere er fuortendaliks in weardefolle bydrage. Dat is net fanselssprekkend.

Hoe no fierder?

Foar it CDA past in beskate beskiedenheid. Tagelyk bringt de stipe fan 1.813 ynwenners in grutte ferantwurdlikens mei him mei. Benammen yn in tiid dêr’t polarisaasje tanimt en tsjinstellingen skerper wurde, ek yn Dantumadiel.

Us rjochtingjouwend kompas bliuwt ús ferkiezingsprogramma, woartele yn kristlike wearden as rentmeesterskip, publike rjochtfeardichheid, ferantwurdlikens en boppe-al solidariteit. En lit dúdlik wêze wat wy ûnder solidariteit ferstean. Dat giet foar it CDA fierder as ‘eigen folk earst’. Solidariteit betsjut bouwe oan in mienskip dêr’t elkenien him thús fiele kin, écht thús yn Dantumadiel. Oerein komme en iepenstean foar wat goed is en trou bliuwe oan dysels.

Dat betsjut ek dat wy net kieze foar snelle winst of maklike antwurden. Wy fiele ús ferantwurdlik foar de takomst fan kommende generaasjes. Dêrmei hâlde wy: each foar dyn takomst.

It CDA is dus beskieden, mar ek selsbewust. Wy witte wêr’t wy foar steane. Wy sizze folút ja tsjin gearwurking op basis fan fertrouwen en in posityf minskbyld. En wy sizze dúdlik nee tsjin polarisaasje.

Op dizze grûnslach, en mei it mandaat fan mear as 1.800 kiezers, kieze wy foar ferantwurdlikens: yn de koälysje as it kin, yn de opposysje as it moat.

Hilbrand Visser | Fraksjefoarsitter CDA Dantumadiel

Foto hilbrand visser

Fan dyn keukentafel nei de riedsseal.

Ferkiezingsprogramma

Dantumadiel is ús thús. In gemeente fan doarpen mei sterke mienskippen, in eigen identiteit en minsken dy’t nei inoar omsjogge. Wy steane midden yn dy mienskip. Ticht by wat der libbet. Betrouber yn wat wy dogge.

Mei ús ferkiezingsprogramma “Each foar dyn takomst” sjogge wy foarút nei 2026–2030. Wy bouwe fierder oan leefbere doarpen, betelbere wenten, goede soarch tichtby, feilichere strjitten en romte foar ûndernimmen en ferienings. Altyd mei each foar natuer, lânskip en duorsumens.

Wy leauwe yn minder regels en mear fertrouwen. Yn oplossingen dy’t passe by ús doarpen. Yn in gemeente dy’t neist dy stiet as it nedich is, en romte jout wêr’t it kin. Sa kinne jongeren hjir wenjen bliuwe. Alderen feilich âld wurde. En elkenien mei dwaan.

Koartsein:
Sterke doarpen. Betroubere soarch. Goed wenjen en wurkjen. Soarch foar minske, natuer en mienskipsjild.

Download hjir ús folsleine ferkiezingsprogramma

Groepsfoto CDA Dantumadiel

ús team.

Kandidatenlist

Wietske RaapWalterwâld
Foto Wietske Raap
Sietze Wijbengade Westereen
Sietze Wijbenga
Hilbrand VisserDamwâld
Gerrie VisserBroeksterwâld
Gerrie Visser
Johannes Postmade Westereen
Johannes Postma
Griet StrikwerdaFeanwâlden
Griet Strikwerda
Sietse HilverdaDamwâld
Sietse Hilverda
Albert van der PloegReadtsjerk
Albert van der Ploeg
Dennis LeistraFeanwâlden
Dennis Leistra
Klaas Houtstrade Geast
Klaas Houtstra
Herre Boskmade Westereen
Herre Boskma
Tjitte BangaDamwâld
Tjitte Banga
Adrie SlompFeanwâlden
Adrie Slomp
Wiebe StrikwerdaWethâlder
Wiebe Strikwerda
Henk van der KooiFeanwâlden
Henk van der Kooi
Taeke VisserDamwâld
Teake Visser
Wander SlompFeanwâlden
Wander Slomp

Meitsje kennis mei ús kandidaten: belutsen minsken mei hert foar de mienskip. Mei-inoar sette sy har yn foar in sterke en takomstgerichte gemeente.

Fatsoenlik bestjoer, ticht by dy.

It CDA

Wy binne in lokale partij mei lanlike woartels. Wy steane midden yn de mienskip. Ticht by minsken en doarpen. En wy dogge polityk foar de minsken om wa’t it giet.

Wy leauwe yn omsjen nei inoar. Yn in mienskip dêr’t minsken ferantwurdlikens nimme foar harsels én foar de oar. Mei respekt, fertrouwen en rjochtfeardigens as basis.

De mienskip stiet sintraal. Sterke húshâldings, ferienings en doarpen foarmje it hert fan Dantumadiel. De gemeente stipet wêr’t it nedich is, mar jout romte foar eigen inisjatyf. Minder regels. Mear fertrouwen.

Wy meitsje ús sterk foar in betroubere en rjochtfeardige oerheid. Ien dy’t docht wat se seit, dúdlik is en nimmen fan it kastje nei de muorre stjoert. Dy kwetsbere minsken beskermet. En soarchfâldich omgiet mei mienskipsjild.

Wy tinke fierder as hjoed. Rentmasterskip betsjut foar ús: goed soargje foar natuer, lânskip, kultuer én finânsjes. Sa litte wy in sterke gemeente efter foar de folgjende generaasje.